1. Bert Vollema


Tsjom

 

Myn namme is: Bert Vollema.

 

Sûnt 2019 bin ik riedslid yn de gemeente Waadhoeke en yn it deistich libben bin ik bioboer ûnder Tsjom. Nei myn oplieding oan de Agraryske Hegeskoalle yn Ljouwert haw ik yntegraal wetterbehear en lânynrjochting dien as kopstúdzje oan it Van Hall yn Grins. Dat makket foar my de sirkel rûn, mei-inoar wurkje oan feilich en sûn wetter yn Fryslân en it Grinzer-Westerkwartier.

 

Ik bin kandidaat en listlûker foar Wetterskip Fryslân 



 




2. Bram Bonnema


Frjentsjer

 

Myn namme is Bram Bonnema. 

 

Sûnt maart 2019 bin ik algemien bestjoerslid en fraksjefoarsitter foar de FNP by Wetterskip Fryslân. Ik genietsje fan myn pensjoen. Earder wie ik wurksum as útjouwer en de lêste tolve jier fan myn aktive karriêre wethâlder. Fierder bin ik foarsitter fan it bestjoer fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer. Ek bin ik skipper op de pont by Keimpetille en bestjoerslid by de FNP Waadhoeke. 

 

By de kommende wetterkipsferkiezings stean ik as nûmer 2 op de list. 



 




3. Tryntje Albada


Twellingea

 

Myn namme is Trijntje Albada. 

 

Sûnt 2019 mei ik de FNP fertsjinwurdigje yn de riedskommisje fan gemeente Súdwest-Fryslân. Yn it deistich libben bin ik beliedsadviseur by Veiligheidsregio Fryslân - GGD Fryslân. Yn myn frije tiid mei ik graach sporte en set ik my yn foar ús maatskippij. 

 

Ik bin kandidaat foar it Wetterskip, dat neffens my in hieltyd wichtigere rol yn ús maatskippij spilet. 



 




4. Jan Pieter van der Velde


Ryptsjerk

 

Ik bin Jan Pieter van der Velde, 39 jier en wenje yn Ryptsjerk. 

 

Yn it deistich libben bin ik heit, ûndernimmer en dêrneist sûnt 2018 gemeenteriedslid yn Tytsjerksteradiel. Ik haw in eftergrûn op it mêd fan enerzjy, finânsjes, miljeu en wetter.

 

Ik bin: kandidaat bestjoerder foar Wetterskip Fryslân. 



 




5. Anneke Hylkema


Aldegea (SWF)

 

Myn namme is Anneke Hylkema-Folkertsma. 

 

Neist myn wurk yn de finansjele administraasje bin ik boerin by Aldegea-SWF en doch ik frijwilligerswurk. Wy wenje yn in prachtige provinsje, dêr bin ik grutsk op en ik wol graach myn bêst dwaan om dat te behâlden. Skjin wetter, genôch wetter en drûge fuotten hâlde, wissichheid foar lânbou en natuer, feiligens foar boer en boarger. Dit binne tige wichtige punten en ik fyn it in prachtige útdaging om mei de oankommende ferkiezingen mei de oare Wetterskip-kandidaten de FNP te fertsjinwurdigjen. 



 




Kandidaten Wetterskip Fryslân 2023


Sjoch foar de folsleine list mei 15 kandidaten:

 

Kandidaten Wetterskip Fryslân 2023




2023 FNP Fryslân - Disclaimer