1. Sijbe Knol


Sint-Anne

 

Myn namme is: Sijbe Knol

  

Sûnt 2019 mei ik de FNP fertsjinwurdigje yn Provinsjale Steaten, nei riedslid west te hawwen yn Waadhoeke. Ik bin de listlûker foar de FNP by de provinsjale ferkiezingen. Mei in eftergrûn yn it sosjaal wurk en tsjinwurdich as selsstannich ûndernimmer komme saken moai by-inoar. Mei minsken wurkje oan in sterke regio. In regio wêr't minsken in hûs fine kinne. In regio dy't wit wêr't it ryk oan is. In regio, Fryslân, wêr't elkenien har thús fielt. Dat sil ús ynset wêze.

 

Mei ik op dyn of jo stim rekkenje? In stim foar Fryslân.  



 




2. Dinie Visser


Snits

 

Myn namme is Dinie Visser en ik wenje sûnt 2003 yn Snits mar fiel my (as skippersdochter) oeral thús yn Fryslan. Ik bin oan it wurk as bedriuwslieder by Van Campen & Dijkstra RegioBank yn Snits. Geweldich dêroan is dat wy de minsken noch gewoan op kantoar helpe kinne. Foarhinne wie ik sekretaris by Rugby Club Snits en ik haw ek noch bestjoerslid west foar de VSB by de SKS. 



 




3. Fedde Breeuwsma


Dokkum

 

Myn namme is Fedde Breeuwsma.

 

Sûnt 1985 bin ik lid fan de FNP, ik bin no sa'n 20 jier riedslid yn Dongeradiel en Noardeast-Fryslân, wer ik ek in jier wethâlder Mienskip west haw. Yn it deistich libben haw ik in eigen advysburo op it mêd fan ARBO en feiligens. Ik haw ek sa'n 45 jier yn de sûnenssoarch wurke. Ik bin opgroeit yn Grou en bin yn 1978 nei it moaie Dokkum ferhuze. Dêr hawwe myn frou en ik trije fammen krigen en no binne der ek noch 5 pake- en beppesizzers. Dêr meie we graach op passe.

 

Mei alle minsken wurkje oan in sterke regio. Noardeast-Fryslân stiet der goed foar yn de provinsje Fryslân. We binne ta oan mear foech út Den Haach wei op folkssûnens, ûnderwiis en ynlânske saken. Ik bin nûmer trije op de list en haw der nocht oan de FNP yn de Steaten te fertsjinwurdigjen. 



 




4. Sita Land-Dotinga


Surhuzum

 

Myn namme is: Sita Land-Dotinga.

 

Ik bin 32 jier en wenje yn Surhuzum. Sûnt 2022 stipefraksjelid by de FNP Achtkarspelen. Yn it deistich libben bin ik Senior Flexconsulent en bin ik in soad dwaande mei minsken dy't wurksum binne yn û.o. de bousektor. It is tige wichtich dat ek myn generaasje fertsjinwurdige wurdt binnen de polityk en dat júst (ek) dêr it fertrouwen werom komt! 



 




5. Gerben van der Mei


Tsjummearum

 

Myn namme is Gerben van der Mei. 

  

Sûnt april 2021 bin ik lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Finânsjes en ekonomy haw ik yn portefúlje. Al mear as 30 jier haw ik myn praktyk as selsstannich belestingadviseur yn Tsjummearum. Fierder bin ik jierrenlang aktyf yn it doarpslibben. Fan 2002 oant 2010 wie ik riedslid yn de gemeente Frjentsjerteradiel.



 




6. Tjitte Hemstra


Grins

 

Myn namme is Tjitte Hemstra.

 

Ik bin 25 jier en mei de oankommende ferkiezingen stean ik op plak 6 foar de Provinsjale Steaten. Yn it deistich libben bin ik studint biomedysk laboratoarium ûndersiker en dêrneist haw ik al sûnt in pear jier myn eigen ûndernimming as útfiner. De kreativiteit dy hjir yn foarkomt wol ik ek graach meinimme nei de polityk ta! 



 




7. Nynke Hinke Rintjema


Burgum

 

Myn namme is Nynke Hinke, in jeugdlid fan 19 jier. Sûnt 2020 bin ik lid fan de FNP en sûnt april 2022 bin ik boargerlid yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Takom jier bin ik wer studint oan de RUG. Ik set my yn myn frije tiid mei in soad nocht en wille yn foar de mienskip neffens de wearden fan de FNP foar ús prachtige provinsje.

 

Ik bin nûmer 7 op de list foar de steaten. 



 




8. Thom Feddema


Raard

 

Myn namme is Thom Feddema.

 

Troud, heit fan trije bern en wurksum by Justysje. Fuotballer, biljerter en fjildman. As kommisjelid fan de Steaten stel ik my kandidaat as Steatelid. Myn ekspertize leit op it mêd fan: greidfûgels, it ferskaat oan bisten, blommen en libben, dus ús omjouwing. Mei de fuotten yn de klaai.

 

Sa wol ik wenje! Hjir fiel ik my #thús yn Fryslân. 



 




9. Tsjeard Hofstra


Wommels

 

Myn namme is: Tsjeard Hofstra, ik wenje yn Wommels en ik wurkje yn de duorsume enerzjy en bioferkaat. Sûnt 2022 bin ik belutsen by de FNP. Ik wol my ynsette foar in duorsume takomst fan Fryslân en rest fan de wrâld.

 

Ik bin: PS kandidaat, op nûmer 9 



 




10. Mirjam Bergsma


Lippenhuzen

 

Myn namme is Mirjam Bergsma, wenjende yn Lippenhuzen en sûnt maart 2022 riedslid foar de FNP yn de gemeenteried fan Opsterlân. Yn it deistich libben bin ik dosint op praktykskoalle De Diken yn Snits. Myn driuwfear yn myn wurk, de ried, mar ek yn de frijwillige aktiviteiten dy't ik útfier, is om der mei-inoar wat moais fan te meitsjen. 



 




11. Gerda de Vries


De Jouwer

 

Myn namme is Gerda de Vries - Suierveld.

 

Yn it deistich libben wurksum by Dierenkliniek Joure. Ik bin in belutsen Jouster en stean mei beide fuotten yn de mienskip. Ik haw romme politike ûnderfining, myn wurkwize is: "mei-elkoar de skouders der ûnder." 



 




12. Dieke van der Pol


Frjentsjer

 

Myn namme is Dieke van der Pol en ik bin 25 jier.

 

Sûnt 30 maart 2022 bin ik riedslid yn de gemeente Waadhoeke. Ik wenje yn Frjentsjer en bin wurksum by gemeente Tytsjerksteradiel as beliedsmeiwurker bioferskaat. Hjir probearje ik mear oandacht te freegjen foar it bioferskaat en de gemeente biodiverser te krijen. It grien is myn passy en dêr set ik my dan ek graach foar yn. Wy moatte sunich wêze op ús provinsje.  



 




13. Harm de Jong


De Tynje

 

Harm de Jong, yn it deistich libben dosint skiednis en maatskippijlear. Sûnt 2019 fraksjefoarsitter en riedslid fan de FNP yn Opsterlân. Hâld it leafst nije spoarlinen bûten de doar en ús mienskip by-inoar. 



 




14. Aant Jelle Soepboer


Nijewier

 

Myn namme is Aant Jelle Soepboer en nei in knallende kampanje bin ik no wethâlder yn Noardeast-Fryslân foar dé party foar de Regio, de FNP. It súkses fan ús kampanje siet him neffens my yn it écht en earlik fertsjintwurdigjen fan ús befolking, mei in ferskaat oan minsken út it júste hout en mei de skonken yn de klaai. Fryslân is sa stadichoan ta oan in partij fan opstrûpte mouwen, gewoán dwaan en gewoan dwáan!

 

Ik bin kandidaat foar PS2023 en elke stim op my is in mandaat foar Noardeast-Fryslân yn de provinsjale steaten! 



 




Kandidaten Provinsjale Steaten 2023


Sjoch foar de folsleine list mei 50 kandidaten út de hiele provinsje wei: 

 

Kandidatenlist Provinsjale Steaten 2023




2023 FNP Fryslân - Disclaimer