Wenjen is in basisrjocht
De kommende jierren binne der yn Fryslân noch sa'n 15.000 wenningen nedich foar de saneamde autonome groei, de groei fan de besteande befolking. Wy sjogge dat de befolking fan Fryslân oer it generaal hieltyd âlder wurdt. Mar wy sjogge ek dat benammen ús jongerein de lêste jierren mar dreech in plakje fine koe. Oprinnende prizen, grutte druk op de wenningmerk en in fiskaal systeem dat ek in bydrage levere oan de krapte. Yn 2021 lansearre de FNP dêrom har Oanfalsplan Wenjen. Dêryn jouwe wy foarrang foar minsken mei in sosjaal ekonomyske bining oan it gebiet, gean de striid oan mei twadde wentebesitters en sjogge wy nei mooglikheden om de priis foar nijbou leech te hâlden. De jongerein yn Fryslân fertsjinje in triuwke yn de rêch. Op it stuit wurkje ús ôfdielings der hurd oan om dit yn de gemeenten foar inoar te krijen. Foar de FNP betsjut it Oanfalsplan Wenjen benammen dat wy wolle dat der betelbere wenningen boud wurde dêr wêr't de mienskip dat freget.
Gjin grutskalige wentebou
Ek provinsjaal is it Oanfalsplan liedend. Guon partijen soene yn Fryslân wol 60.000 wenningen bybouwe wolle, benammen yn it súdeasten fan ús provinsje. Dy oantallen binne neamd yn ferbân mei it saneamde Deltaplan voor het Noorden. De FNP is tsjin dat deltaplan. It sil de unike skaal fan Fryslân mei syn 11 stêden, regionale sintra en mei mear as 400 doarpen sosjaal en ekonomysk folslein út syn ferbân lûke.
Yn oparbeidzjen mei de Fryske gemeenten wolle wy ta in plan komme wêryn't alle plakken yn Fryslân de mooglikheid hawwe sille om nei aard, skaal en karakter by te bouwen. Troch sa by te bouwen sil de struktuer behâlden bliuwe en wurdt romte jûn foar minsken om werom te kommen nei it plak wêr't se har thús fiele. Foar it iene plak sille der dan op syn meast 5 wenningen komme en foar in transysjegebiet lykas it stasjonsgebiet yn Ljouwert kinne dat folle mear wurde. De gemeenten binne oan set. Sy witte wat lokaal nedich is en stean ticht by de minsken. De FNP wol ynwreiding foar útwreiding. Wy binne en bliuwe tige kritysk op wentebou yn de iepen romte. Dat jildt ek foar (djoere) fakânsje-koloanjes. Tink oan plakken as Hylpen, Starum en Sleat mei al harren twadde wenten. Wenjen is in basisrjocht.
In libben lang yn it eigen wenplak
Wy sjogge dat minsken hieltyd langer thús wenje. Ek it sosjaal domein is yntusken sa ynrjochte. Mei de fergrizing, dy't de kommende jierren mear en mear op kommendewei is, betsjut it dat wy ek oars nei de te bouwen wenningen sjen moatte. Ek al giet de provinsje der yn de basis net oer hokker wenningen der boud wurde, sy sit al oan tafel mei de gemeenten en oare partijen as it oer de wenningfoarried giet. Der sil in oanjei-fûns komme moatte om in Frysk hofkes-konsept te ûntwikkeljen. Hjirmei moat it mooglik wêze om soarch te konsintrearjen en gebrûk te meitsjen fan de krêft fan de mienskip, sadat ek op it plattelân minsken in libben lang yn de eigen omjouwing wenjen bliuwe kinne. In byfangst is dat soks de trochstream befoarderje sil, wêrmei't der plak komt foar ús jongerein en foar trochstreamers. De measte hûzen stean der al.
Fierders binne goede soarch en tagong dêrta essinsjeel foar in libben lang yn it eigen wenplak. Dat freget ek dat de akute soarch as basisfoarsjenning yn de regio oerein bliuwt. Dat is net allinnich fanwege de medyske risiko's en it ûngemak fan lange reistiden, mar ek om't de soarch altyd better en effisjinter útpakt as dy goed oanslút by it eigen netwurk en de krêft fan de mienskip.