"Kultuer as smaroalje foar de mienskip" (Wat fynt de FNP oer kultuer en taal)

Foar de FNP is ús kultuer in wichtige en libjende saak dy't makke wurdt troch minsken en mienskippen dy't mei inoar gearwurkje, dy't mei inoar yn ferbining stean. Wy sjogge kultuer yn ús deistich libben sûnder dat wy dat altyd troch hawwe. Us kultuer beynfloedet ús sport, ús erfgoed, ús ekonomy en ús wize fan libjen. It bringt minsken by inoar en yn petear, ek oer de grutte útdagings yn dizze wrâld.

Mar op it mêd fan kultuer sil der in kar makke wurde moatte. It hjoeddeistige belied (Nij Poadium) rint dizze perioade ôf. De FNP wol op twa spoaren ynsette. It earste is in robúste basis-ynfrastruktuer. Dat betsjut dat musea, iepenloftspullen, Hafabra, toanielynfrastruktuer en de eveneminten dy't it ferhaal fan Fryslân fertelle en trochjouwe wer rekkenje kinne moatte op in bydrage fan de provinsje. It twadde giet oer earlike kânsen.

 

Yn dat ljocht moat der in heldere subsydzjeregeling komme ûnder rezjy fan it hjirfoar neamde leefberensloket. It tal taskôgers, besikers en de relaasje mei Fryslân, har skiednis, taal of (regionale) talinten moatte de pylders wurde foar de hichte fan de bydragen. Op dy wize hat it folsleine kultuerfjild yn Fryslân deselde kânsen. Fan it Veenhoop-festival oant Welcome to the Village ta.

In bysûndere fermelding foar Arcadia/LF2028 is hjir ek op syn plak. It wurk dat yn oanrin nei 2018, it kulturele haadstêd-jier, en yn it ramt fan Arcadia ferset is, fertsjinnet in plom. Wy wolle de organisaasje behelje yn it fierder stâl jaan fan it nije kultuerbelied binnen de sketste kaders. It talint dat yn Fryslân omrint moat behâlden wurde en fertsjinnet in takomstbestindich ferhaal, mei lykweardige kânsen. Ek pleitet de FNP foar in Frysk Kultuer Fûns om talint út ús eigen provinsje te stypjen. Jongeren moatte de kâns en tiid krije om har te ûntwikkeljen.  De lêste jierren hawwe wy sjoen dat de sektor ûnder grutte druk kaam te stean. Wy seagen dat de minsken yn it kultuerfjild dreech troch de tiid komme koenen. Dat wat kwetsber is fertsjinnet beskerming.

 

De leie sels yn hannen

De FNP fynt dat de provinsje sels de beskikking hawwe moat oer de kultuerjilden, dy't no lanlik en Europeesk ferdield wurde. De provinsje is sels it bêste by steat om prioriteiten oan te bringen oer wa't de jilden krije moatte. De leie sels yn hannen. Oant dy tiid sil der fanút de Provinsje stipe komme moatte by it oanfreegjen fan lanlike en Europeeske jilden. Mei robúste oanfragen moat Fryslân in grouwélich folle mear jild nei projekten yn Fryslân helje. Dat moat in stevige ambysje wêze.

 

De meartalige provinsje

Fryslân is in meartalige provinsje. Mei neist it Frysk as fanselssprekkendheid ek it Nederlânsk, Biltsk, Stellingwerfsk en tal fan streektalen en dialekten, lykas de ferskate farianten fan it Stedsfrysk, de talen fan ús eilannen en it Súd-Lauwerlânsk. Foar de FNP stiet foarop dat it Taalplan Frysk yn 2030 der wier stean moat. De tiid dat minsken hjir grut brocht wurde as analfabeet yn de taal fan it hert moat dien wêze. Der is noch in soad wurk te fersetten. Mei ús partners yn it fjild is de provinsje goed op wei om de doelen fan 2030 te heljen; dat fertsjinnet de kommende jierren, mar ek dêrnei alle stipe. De FNP set yn op in eigen provinsjale ûnderwiisynspeksje mei foech op alle ûnderwiisnivo's dy't ek kontrolearret op de útfiering fan de profilen op de skoallen, en net allinnich op oanbod. Wy sjogge dat lanlik de oandacht foar it Frysk noch hieltyd fier achter bliuwt by de prioriteit dy't oan oare fakken jûn wurdt. Dan moat út wêze. Dêrneist wolle wy binnen de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken de Provinsje Fryslân en it Ryk rom omtinken foar it ûnderwizen fan ús skiednis.

 

Frysk? Hiel gewoan mar stikem-wei hiel bysûnder

De FNP wol dizze perioade meters meitsje mei de sichtberens fan it Frysk en de oare (streek-)talen. Foar de jierren 2023 en 2024 is dêr jierliks € 350.000 foar beskikber. De FNP wol dat bedrach omheech hawwe en dat bedrach foar de kommende perioade (fan fjouwer jier) struktureel meitsje. Gemeenten moatte sa stipe krije om robúste taalbeliedsplannen te meitsjen en de strideraasje rûnom it jild moat dêrmei ek oer wêze. Wy binne grutsk op ús taal en kultuer en dat mei wat kostje. Dêrom wol de FNP ek in taalkoördinator foar it Fryske MKB oanstelle. De ekonomyske wearde fan taal is grut. It is ûnderskiedend en benammen ek foar de toeristyske sektor tige nijsgjirrich. Dat moat oanjage wurde en dêrom fynt de FNP dat de provinsje sels it goede foarbyld jaan moat. Foar provinsjale uteringen en uteringen mei provinsjaal jild soe dêrom jilde moatte dat it Frysk of de gebietseigen talen in prominint plak kriget.

 

Foar goede foarbylden sjocht Fryslân ek oer de grins. Tink hjir bygelyks oan in lân as Wales. Wy sjogge foar Fryslân ek in lûkersrol yn relaasje ta de oare talen binnen it Nederlânske keninkryk. Dêrom gean wy op foar in struktureel gearwurkingsferbân mei de oare taalgebieden. Dêr hearre ek mei klam Aruba, Bonaire en Curaçao by.

 

Streektalen (regiobûn) lykweardich

In bysûndere fermelding is op syn plak foar de Biltske en Stellingwerfske taal. De provinsje hat in ferantwurdlikheid nei dizze beide bysûndere talen op ús grûngebiet. De organisaasjes dy't opkomme foar dizze talen, stifting Bildts Aigene en stifting Stellingswarver Schrieversronte, sille fia de oanbelangjende gemeenten rekkenje kinne moatte op in strukturele subsydzje yn dizze perioade.

Fierder wol de FNP it taalkado foar lytse poppen stypjen bliuwe, de relaasjes mei Omrop Fryslân, Tresoar, de Fryske Akademy en de Afûk konsolidearje en de learstoel Frysk op de Ryksuniversiteit Grins oerein hâlde. 



2023 FNP Fryslân - Disclaimer