De lederied fan OPNL (Onafhankelijke Politiek Nederland, foarhinne OSF) makke in kar út sân kandidaten út it hiele lân. Van der Goot krige de measte stimpunten. De hjoeddeistige OPNL-senator, Ton Raven út Limboarch, waard twadde op de kieslist.
Oft Van der Goot echt sitting nimme kin yn de senaat hinget ôf fan de Steateleden yn alle provinsjes. Dy kieze úteinlik yn maaie de leden fan de Earste Keamer. Mar de foarkar fan de lederied is wol in wichtige stap yn de goede rjochting, seit FNP-foarsitter Jan Arendz. "Auke van der Goot stiet no op pole position."
De yn Ljouwert-Huzum berne Van der Goot wurke as amtner yn Fryslân, Den Haag en Brussel. Hy wie beliedsadviseur by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK ). Hy wurke dêr ûnder oare oan de rol fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen yn Europa, oan de posysje fan grinsregio's en oan gearwurking fan dy regio's mei Dútslân en België. Ek hat er in bydrage levere oan de Wet gebruik Friese taal (2013).
De koepel fan regionale en lokale partijen OPNL hat op dit stuit ien sit yn de Earste Keamer. Eardere FNP-senatoaren wiene Hindrik ten Hoeve en Gerben Gerbrandy.