Partijlieder Sijbe Knol: ‘Wy felisitearje de BBB as grutte winner. Der hat him juster in politike ierdferskowing foardien. Wy tankje de kiezers dy't op ús stimd hawwe, en binne grutsk op al ús minsken. leden en frijwilligers, dy't meiholpen hawwe om mei-inoar in geweldige FNP-kampanje te draaien. Yn tsjinstelling ta de lanlike partijen hawwe wy it hjir allegearre op eigen krêft dien; dat jout perspektyf foar de takomst.'
De FNP hâldt sa't it liket fjouwer sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn it Algemien Bestjoer fan it wetterskip is der substansjele groei en kriget de FNP der nei alle gedachten in sit by, fan twa nei trije. Us partij bestiet no 61 jier en stiet as in hûs.
Wy tanke alle kiezers foar it betrouwen.
Sijbe Knol (listlûker Provinsjale Steaten)
Bert Vollema (listlûker Wetterskip Fryslân)
Jan Arendz (foarsitter FNP Fryslân)