Dat der betonrot plak fynt oan de woartels fan ús politike systeem is gjin nijs. Mar de fûleindigens wêrmei't lanlike kopstikken har mei dizze provinsjale ferkiezings bemuoie, wêrby't se yn de aldermeaste gefallen sels net op de kieslisten stean, ferhastiget it proses. We sjogge de lêste wiken hieltyd op ‘e nij net-ferkiesbere politisy debattearje oer ûnderwerpen wêr't dizze ferkiezings net oer gean. Dêrnjonken wurdt de yndruk jûn as dat grutte tema's lykas stikstof, migraasje, de wenningkrisis en it klimaat mei maklike oneliners op te lossen binne.
Der wurde beloften dien dy't nei 15 maart wis net ynlost wurde kinne en dan de boarne wêze sille fan nije teloarstelling yn de polityk.
Hjir hat de media ek in rol yn. De clash tusken Sjuul Paradijs en Jeroen Pauw ferline wike wie dêr in goed foarbyld fan. En Paradijs hie dêr in punt. As listlûker fan de grutste regionaal-organisearre partij fan Nederlân wurde we konfrontearre mei in falende folksfertsjintwurdiging yn De Haach. De Twadde Keamer is mei tûzenen neatsizzende moasjes per jier drokker mei himsels dwaande dan mei it oplossen fan problemen.
Yntusken meitsje de minsken yn de provinsje har soargen oer oft der noch in bus troch it doarp rydt. Wêr't de bern wenje moatte? Oft it libben noch betelber is? Hoe't it lânskip derút komt te sjen? Oft ynvestearringen yn de lânbousektor takomstbestindich wêze sille en oft de oankommende opfolger buorkje bliuwe kin? Oft de soarch berikber bliuwt? En foar de minsken yn Grinslân, hoe't it mei de bewenberheid fan har hûs komt?
Wêr't de Twadde Keamer groanysk oan betrouwen ynlevere, seagen we ferline wike yn ûndersiken dat it betrouwen yn lokale en regionale politisy better skoarde. It is dan ek pervers dat de lanlike bemuoienis mei provinsjale ferkiezings yn dizze fûleindigens plak fynt.
Ik doch dan ek in oprop oan de leden fan de Twadde Keamer en it kabinet. Oan de slach, soargje foar perspektyf foar alle Nederlanders. Mei in soad minsken giet it goed mar mei in hieltyd gruttere groep net. Jo drage de ôfrûne wiken by oan in delgeand betrouwen yn de oerheid. Dat is in gefaarlike ûntwikkeling. Lit de provinsjale ferkiezings oer oan jo eigen minsken yn de provinsje. Jo hawwe har de kommende jierren hurd nedich om de ferskillende krisissen yn dit lân op te lossen. Net mei diktaten mar troch gear te wurkjen, troch in oerheid te wêzen dy't foar de minsken wurket.
En de kiezers? Ik fersykje jo: meitsje in kar op basis fan de programma's foar jo provinsje. It lanlik gebiet stiet ûnder druk en de minsken dy't jo kieze bepale hoe't it nei 15 maart yn de provinsje fierder giet, net de lanlike partijlieders. Dat fertsjinnet in ôfwagen kar. Ik freegje jo dêrom om de bemuoienis fan lanlike kopstikken op har werklike wearde te skatten.
Sijbe Knol
Fraksjefoarsitter en listlûker FNP Fryslân