❤️ We ynvestearren miljoenen yn leefberens, doarpshuzen, wyksintra en taal- en kultuer. Fia it Iepen Mienskipsfûns waarden in soad sosjale aktiviteiten stimulearre.
💶 By it Wetterskip soargen we derfoar dat it belied sosjaal bleau. Nei hurd wurkjen bleau de kwytskattingsregeling foar minima oerein.
⚡️ We makken fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk. We koenen in wyldgroei oan sinne- en wynparken fan grutte bedriuwen keare, mar leverje wol in evenredich oandeel oan de opwek fan duorsume enerzjy.
🍀 We hawwe ynset op bioferskaat, stimulearren de transysje yn de lânbou en Fryslân waard koprinner agrarysk natuerbehear. Boer en natuer binne gjin tsjinstelling mar kinne net sûnder inoar. En éinliks komt der in earste kompensaasjeregeling foar de ynwenners mei fundearringsskea yn it Feangreidegebiet.
🏡 De gemeenten krigen alle romte foar it ûntwikkeljen fan wentebouplannen. De saneamde kontingenten ferdwûnen foar altyd en yn de besteande kearnen krigen de gemeenten alle frijheid. Wentebou nei aard, skaal en karakter.
❤️ Yn oparbeidzjen mei hiel folle oaren soargen we derfoar dat de bernehertsjirurgy yn Grins behâlden bleau.
Lês hjir it ferkiezingsprogramma 2023-2027