NIJS   23-02-2023


Twadde kear binnen ien jier nep-nijs tsjin FNP

FNP set troch mei ynspirearjende kampanje

"FNP set troch mei ynspirearjende kampanje" (Twadde kear binnen ien jier nep-nijs tsjin FNP)

Yn oanrin nei de ferkiezings fan 15 maart binne op ferskate plakken yn de provinsje opfallende spandoeken delset mei it boadskip ‘De FNP stimt foar de wolf, wat stimst do?' en ‘FNP aan de macht? Alleen de wolf die lacht!' Neffens de minsken efter it boadskip hat ‘de FNP Fryslân [...] al meerdere keren aangegeven dat het tegen het bestrijden van de wolf is.'

 

Dat is in leagen. De FNP hat him de ôfrûne jierren mear as hokker partij yn de provinsje ek ynset om oplossingen te sykjen tsjin de skea troch wolven. Dat moat lykwols wol binnen de wetlike mooglikheden. Want oft wy it no moai fine of net, de wolf is yn Nederlân in strang beskerme bistesoarte en ús provinsje kin dat net op eigen manneboet feroarje. Dêrfoar moatte earst nasjonale en Europeeske regels oanpast wurde.

 

Wat hat de FNP der de ôfrûne jierren oan dien?

  • Yn juny 2020 hat de FNP Steatefraksje tsjin in moasje fan CDA en VVD stimd, wêryn't dy partijen fregen om de wolf út Fryslân wei te hâlden en te behearen, bygelyks troch in stek om Fryslân te bouwen of wolven te ferdôvjen en nei in oar plak yn Europa út te setten. Foar de FNP stiet foarop dat in stek om Fryslân net winsklik en net wurkber is.
  • De FNP hat him goed ynformearje litten en hat wurkbesites ôflein yn Fryslân en yn Drinte om te sjen hoe (grutte en lytsere) skieppehâlders har fee beskermje kinne tsjin de wolf.
  • De FNP is altyd oertsjûge west dat de provinsje dwaan moat wat yn syn fermogen leit, en hat dêrom oanstien op: 1. In wolvekommisje fan belanghawwenden dy't advys jout. 2.In skearegeling en 3. Stipe foar feehâlders om harren bisten te beskermjen tsjin de wolf. Deputearre Klaas Fokkinga hat dat mei faasje oppakt.
  • Omdat de FNP fynt dat de beskermingsstatus fan de wolf minder strang wurde moat, hat de FNP in jier lyn oerlis hân mei Bert-Jan Ruissen fan de SGP, dy't him yn Brussel sterk makket foar oanpassing fan Europeeske regels.
  • Itselde boadskip hat de FNP in pear wike lyn werhelle yn in brief oan de foarsitter fan de Europeeske Kommisje, Ursula von der Leyen. Want mei it tanimmende tal wolven op it Noardeast-Europeeske fêstelân is it tiid om de beskermingsstatus hjir op ‘e nij te besjen en mear mooglikheden te bieden foar behear.
  • Deputearre Klaas Fokkinga hat dat boadskip in wike lyn yn persoan ek noch ris oerbrocht oan hege amtners fan de Europeeske Kommisje.

 

As minsken in grut stek om Fryslân hawwe wolle, fan Lemmer oant Lauwerseach, dan moatte se net op de FNP stimme. De FNP siket oeral nei wat der mooglik is en struit minsken gjin sân yn de eagen.

 

Wy litte ús net fan de wize bringe troch in nep-kampanje. In Steatelid fan in kolleezjepartij ferspriedt op dit stuit aktyf des-ynformaasje oer it stânpunt fan de FNP omtrint de wolf. In jier lyn wie syn partijkollega twongen it Steatelidmaatskip op te jaan, omdat hy mei in nep-FNP-account falske uteringen oer de wolf die yn de sosjale media.

 

Mei help fan jimme allegearre, set de FNP troch mei in geweldige kampanje. Yn it belang fan Fryslân, foar in sterke mienskip mei in ryk ferieningslibben. Foar in Fryslân sûnder tsientûzenen ekstra huzen en sûnder in Lelyline. Mei wentebou nei aard, skaal en karakter, mei in goed berikber plattelân. Foar in duorsume en takomstbestindige lânbou.



Twadde kear binnen ien jier nep-nijs tsjin FNP



Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer