NIJS   15-03-2023


Stim FNP op 15 maart! Thús yn Fryslân

Sa dogge wy dat hjir!
Yn Fryslân rinne wy yn in soad saken foarop. Wy binne wiis mei de romte om ús hinne, ús taal en kultuer en ús wize fan dwaan. Somtiden binne wy hjir krekt wat minder hastich as fierderop. Tiid dy't wy brûke foar in goed libben. Ynwenners fan Fryslân hawwe in sterke relaasje mei it lânskip, mei inoar, de kultuer en mei de eigen taal en wy hawwe in ryk ferieningslibben. Foar ûnder oare dizze saken sit de FNP sûnt 2011 yn it deistich bestjoer fan Fryslân. Foar ús ynwenners. Foar de mienskip.




In dúdlik regionaal lûd is yn de hektyk fan hjoed-de-dei wichtiger as ea. Dizze ferkiezings gean net oer lanlike kopstikken, dizze ferkiezings gean oer dyn en ús provinsje. Dizze ferkiezings gean oer Fryslân.


Jou Fryslân syn lûd. Wy gean foar in Fryske oanpak en dy't begjint by it hanneljen fanút de Fryske mienskip. As ienige échte Fryske partij stean wy foar dat lûd. Wy binne unyk en dat is needsaaklik yn dit tiidrek.

 

Us ynset

 

🍀 Us lânskip, ús romte, ús goud!

Wy sjogge in tanimmende striid om de romte. Wy moatte hjir net fersmite wat ús unyk makket. De romte om ús hinne is in kearnkwaliteit en de basis foar in goede kwaliteit fan libben. Dêr moatte wy sunich mei omgean. Dêrom bliuwt de FNP ek kritysk tsjinoer in wyldgroei oan sinne- en wynparken.

 

 

🏡 Wenje wêr't wy wenje wolle!

Oprinnende rinte, te min huzen op de doarpen. It is foar in hiele generaasje hieltyd dreger in wente te besetten. De FNP hat in plan. Us oanfalsplan wenjen. Gjin tsientûzenen wenningen yn de romte mei in Lelyline, mar wentebou nei aard, skaal en karakter yn ús doarpen en stêden. Foar ús jongerein en âlderein. Mei in goed berikber plattelân. Dêr stean wy foar.

 

  

✅ Sûne grûn en skjin wetter achter feilige diken!

Dêr gean wy foar. Foar no, mar ek foar de kommende generaasje bewenners fan ús moaie provinsje. Op it mêd fan de enerzjytransysje gean wy foar lokaal eignerskip. De revenuën binne foar de mienskip en net foar de grutte jongens.

 

  

❤️ Foar de leefberens en in ryk ferieningslibben!

Yn Fryslân witte wy hoe wichtich de mienskip en in sterk ferieningslibben binne. Ek de kommende jierren wol de FNP dêr rom yn ynvestearje. It is it semint fan de mienskip. Sûnder in sterke struktuer fan frijwilligers kin de sport en kultuersektor net bestean.

 

 

Lês hjir it folsleine ferkiezingsprogramma 

 

Do kinst no de takomst fan Fryslân bepale. Stim op 15 maart twa kear FNP.

 

Foar Provinsjale Steaten en it Wetterskip!



Stim FNP op 15 maart! Thús yn Fryslân



Downloads:
FNP advertinsje


Tags: Ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer