NIJS   09-05-2022


UTSTELT: Presintaasje yn Marsum oer ferbettering ynfrastruktuer

Presintaasje útsteld troch sykte sprekker

Moarnmiddei sil yngenieur Piet Muijzert yn it doarpshûs fan Marsum prate oer syn foarstellen om de ynfrastruktuer fan Fryslân en Noard-Nederlân te ferbetterjen. De FNP hat him útnûge om syn plannen út te lizzen oan de Steateleden fan de FNP, de oare partijen yn Provinsjale Steaten en fierdere belangstellenden.


Yngenieur Muijzert hat romme ûnderfining yn de wei- en wetterbou. Foardat hy mei pensjoen gie, wurke hy hast 50 jier yn dy sektor. Hy wurke oan de Betuwerûte, oan de Hegesnelheidsline nei it suden ta, oan in hiel soad wegen, kanalen, sluzen yn hiel Nederlân.

 

Ferline jier makke Muijzert in plan mei 34 projekten yn Fryslân, Grinslân en Drinte om it noarden sterker te meitsjen, sa't hy it sels seit. De projekten bestean bygelyks út oanpassingen en útbou fan spoar- en autowegen, kanalen en akwadukten om besteande knyppunten te ferhelpen. In boekje mei al syn plannen is online te finen op: https://t.co/QSeurUdKyz

 

Sijbe Knol: 'de FNP wol de diskusje oer de ynfrastruktuer en de takomst fan Fryslân breder lûke as it Deltaplan voor het Noorden, mei dêryn de Lelyline. Dêrom hearre wy graach oer de alternativen dy't yngenieur Muijzert foar it noarden betocht hat.'

 

De gearkomste begjint moarn (tiisdei 10 maaie) om 13:30 oere yn it doarpshûs fan Marsum, Franjumbuorsterpaed 12, 9034 GZ Marsum.



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer