Agrarysk Natuer- en lânskipsbehear: weardefol
It Agrarysk Natuerbehear is natuerbehear dat past yn ús mienskip, troch en mei de boeren sels. Yn gearwurking mei de lokale fûgelwachten en kollektiven, en ek op pachtgrûn fan terreinbehearende organisaasjes. Op dit lân ride se rûge dong út dat út de direkte omkriten komt. Foar it behâld fan de boaiemkwaliteit fierhinne it bêste. En der komme in soad ynsekten op ôf. Dêr kinne de fûgels dan wer fan ite.
Wetter foar de greidefûgels
By it behear fan wetter en lânskip giet de FNP út fan in greidefûgelfreonlike oanpak. Dizze plas-dras mei in pomp op sinne-enerzjy docht it tige goed. Op dit lân (klaai op fean) binne net allinnich de greppels wiet mar is it hiele perseel sompich. En sadwaande tige gaadlik foar de fûgels. Ek goed foar it boaiembehâld en CO2-reduksje yn de feangreide.
In peareltsje
In soad piken binne al út it aai en fleanfluch. De doppen mei de flueskes der noch oan binne it bewiis. Oaren sitte noch te brieden. Lokale fûgelwachten geane ek mei de skoalbern it fjild yn of komme mei in lestkiste yn de klasse om de leafde foar de natuer te wekken.
Wy sjogge dat it gebietskollektyf 'De Waadrâne' mei dit inisjatyf 'fan ûnderen op' in echt 'greidefûgelpeareltsje' makke hat. Der sitte wol 25 span skriezen, 10 span ljippen, 9 x tsjirk en withoefolle oare soarten op dizze likernôch 7 bunder. Super! Tige tank foar dizze machtich moaie fjildbesite!