NIJS   04-05-2022


Theun Wiersma (50PLUS) kiest foar de FNP

Theun Wiersma, de foaroanman fan 50PLUS yn Fryslân, makket de oerstap nei de FNP. Wiersma sit op dit stuit as ienmansfraksje yn de Fryske Steaten. Hy sil syn steatelidmaatskip foar 50PLUS dizze perioade dien meitsje, mar stelt him yn 2023 net op ‘en nij ferkiesber. Moandeitejûn hat Wiersma dit kenber makke by 50PLUS.

"In partij mei hert foar Fryslân en it gea" (Theun Wiersma)

Wiersma: ‘De maatskippij feroaret en dêrmei de hjoeddeistige fraachstikken ek. Ik haw sûnt goed in jier op syk west hokker partij ik my op dit stuit better by thús fiel en hokker programma my oansprekt. Dat is de FNP en noch foar de gemeenteriedsferkiezingen bin ik lid wurden. In partij mei hert foar Fryslân en it gea. Ik bin in Fries, hikke en tein yn dizze moaie provinsje, en mei myn eftergrûn by it Fryske Gea fiel ik my dêr bot mei ferbûn.'

 

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP yn Provinsjale Steaten is wiis mei de komst fan Wiersma: ‘As ienpitter yn de Steaten is Theun altyd oanwêzich yn it debat. Wy seagen al in skoft dat Wiersma mei syn opfettingen ticht by ús stiet.'

 

Oant de ferkiezingen fan maart 2023 bliuwe beide fraksjes apart fan inoar bestean yn de Steaten fan Fryslân. Wiersma: ‘It mandaat en lûd fan de 50PLUS-kiezer bliuw ik útdragen oant maart oar jier. Dat docht ek rjocht oan de kiezers dy't yn 2019 op my stimd hawwe.'

 

Knol: ‘De gearwurking sil fansels noch yntinsiver wurde, mar dy wie ek al hiel goed. De lêste moannen seagen wy mear en mear minsken lid fan de FNP wurden, ek by oare partijen wei. Dêr binne wy wiis mei. Foar de kommende provinsjale ferkiezingen yn maart 2023 is Wiersma mooglik ek in gadingmakker foar in plakje op de FNP-list. Mar dêroer sille de leden beslute, krekt sa't dat foar alle kandidaten it gefal is.'



Tags: Ferkiezings, Partijnijs

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer