NIJS   04-01-2022


FNP wol dat regiobelied Ryk útgiet fan aktuele sifers en reëel ferlet

De FNP fraksje yn Provinsjale Steaten wol dat it regiobelied fan it Ryk net langer gebieten oanwiist en yndielt op basis fan âlde efterhelle befolkingsprognoazes. Dat belied hat in part fan Fryslân jierren it negative etiket ‘krimpgebiet’ opplakt, hoewol’t de trend al sûnt 2016 de oare kant op giet.

Hjoed makke it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) de nijste sifers bekend oer de ûntjouwing fan de befolking yn de Fryske gemeenten. Neffens CBS-wurdfierder Dick ter Steege kin de diskusje oer krimp foarearst ôfsletten wurde.

 

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Wy hawwe belied nedich dat better oanslút op de aktuele lokale situaasje. It etiket ‘krimp' jout in negatyf stigma oan ús gemeenten en kin dêrmei de ûntjouwing fan ús mienskip yn guon gefallen yn de wei sitte.'

 

Basearre op sifers en prognoazes fan doe binne yn 2015 foar it lanlike Twadde Aksjeplan Befolkingsdelgong saneamde krimpregio's oanwiisd. Dat belied hat de gebieten it negative etiket fan de ‘krimp' oplevere. En dat wylst al sûnt 2015-2016 in trend sichtber is dat wer mear minsken nei de minder drokke dielen fan Nederlân ferhúzje.

  

De FNP Steatefraksje fynt dat no't it nije regear yn De Haach oan de start stiet, it no it momint is foar de Fryske oerheden om mei-inoar har ynset nei it regear ta te bepalen foar de kommende jierren. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten stelt de fraksje dat it belied útgean moat fan it reële ferlet yn ús gemeenten, yn stee fan op grûn fan efterhelle prognoazes of te ambisjeuze doelstellings. 



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer befolkingsûntjouwing
Antwurdbrief ds oer befolkingsûntjouwing


Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer