NIJS   20-10-2021


Reaksje op LC-kommentaar ‘Fries voelen kent geen grenzen’

Ton van der Laan skriuwt yn syn kommentaar fan tiisdei 19 oktober ‘Fries voelen kent geen grenzen’ en hy hat gelyk. Fryslân is iepen foar elk dy’t hjir thús wêze wol. Dat minsken dy’t de provinsje op in bepaald momint ferlitte it ferfelend fine om as ‘Fries om utens’ beskreaun te wurden is yn it foarste plak spitich foar dizze minsken en wol ús yn it twadde plak net oan. Jo kinne it plak dêr’t jo weikomme net útpoetse. Geografysk sjoen binne en bliuwe jo in Fries en wenje jo ‘om utens.’

Werom nei it ûnderwerp ‘wenjen yn Fryslân' dat oan it kommentaar te grûnslach leit. Sûnt 2015 binne huzeprizen mei leafst 30% omheech flein. Hjoed de dei wennet jongerein hjir en dêr fan needs yn garaazjes en stean hja samar sân jier op in wachtlist foar in hierwenning. Om fan in keaphûs noch mar te swijen, dy binne ferwurden ta in fata morgana. Like begeare en like ûnberikber as in swolch wetter yn de wentewoastyn wêryn't fraach en oanbod inoar folslein misrinne. Nee wy ha it dan net oer plakken as Purmerein, Amsterdam of Swol. It giet oer Waadhoeke, Noardeast- en Súdwest Fryslân, Achtkarspelen en al dy oare Fryske gemeenten. Ek dêr regearet somtiden it grutkapitaal.

 

Yn Zaanstad seach men deselde problematyk jierren lyn al. Rike Amsterdammers en minsken mei in soad oerwearde kochten alles op. Dêr hat de gemeenteried, mei in breed fertsjinwurdige sintrumlinks bestjoer, sa'n tsien jier lyn in stokje foar stutsen. Yn guon gefallen krije minsken dy't yn dy gemeente wenje of dat yn de ôfrûne fyftjin jier sa'n acht jier dien ha hjir foarrang by it keapjen fan in sosjale hierwente. In wenning op erfprachtgrûn wêrfan't it eigendomspersintaazje meigroeie kin mei it ynkommen fan de keaper, by ferkeap bliuwt de wenning beskikber foar de doelgroep. De FNP stiet soks ek foar mar wol de gemeenten sels de mooglikheid jaan om de details yn te kleurjen en regeljouwing mei oare gemeenten ôf te stimmen om in wetterbêdeffekt foar te kommen.

 

Us oanfalsplan, da't folle wiidweidiger is as allinnich erfpacht en sosjale keap leit de finger op in sear plak. Guon minsken fine dat net noflik mar as jo in sear plak gewurde litte begjint it faaks noch mear te stjonken en te otterjen. In sear plak fertsjinnet soarch en oandacht en wa't him dêr foarwei draait ûntkent stielhurd in probleem mei alle tinkbere gefolgen.

 

Elk is hjir wolkom mar de FNP fynt dat guon minsken yn guon gefallen in setsje yn de rêch fertsjinje. Minsken mei in sosjaal-ekonomyske bining oan de gemeenten. Us jongerein, Friezen om utens, weromkommende studinten en wa't dêr mar mear ûnder falt.

 

Mei ús oanfalsplan wenjen stekke wy de hân út nei oare partijen, wolle wy de fûnemintele diskusje oangean. In swart bakje stiet foar elke partij klear!

 

Sijbe Knol fraksjefoarsitter FNP Fryslân

Aant Jelle Soepboer Riedslid FNP Noardeast Fryslân



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer