NIJS   06-09-2021


Partijen yn de Steaten lilk oer fergunning foar gaswinning ûnder de Waadsee

Seis partijen yn de Steaten fan Fryslân (GrienLinks, FNP, PvdA, D66, SP, PvdD) binne lilk dat de minister in fergunning jûn hat foar it winnen fan gas ûnder de Waadsee by Ternaard. Dêrom stelle se fragen it it Fryske kolleezje fan Deputearre Steaten.

De wurdfierders fan de partijen: "De minister hat op 27 augustus it ynstimmingsbeslút foar de winning publisearre. Der mei gas oppompt wurde ûnder de Waadsee op in nije lokaasje, tusken Amelân en Ternaard, hoewol't dúdlik is dat wy stopje moatte mei fossile brânstoffen om de klimaatferoaring. Der sil gas oppompt wurde fan ûnder de Waadsee, hoewol't dy de kreamkeamer is fan in soad bried- en trekfûgels. Troch de boaiemdelgong dy't troch de gaswinning en seespegelstiging komme hieltyd minder sânplaten drûch te stean, wêrtroch dy fûgels gjin iten mear fine kinne.

 

De Fryske Steaten hawwe meardere kearen útsprutsen dat gaswinning yn Fryslân net winsklik is. Ferskate kearen binne der moasjes nei de Twadde Keamer en nei de minister tastjoerd. Koartlyn noch troch de trije noardlike Steaten (Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân). Us kolleezje hat ek ferskate kearen in negatyf advys jûn oan de minister oer gaswinning yn Fryslân. Ek oer de gaswinning by Ternaard. De gemeente Noardeast-Fryslân hat him útsprutsen tsjin de gaswinning. Mar de minister jout dochs in fergunning ôf. It is net te leauwen!"

 

Fergunning út 1969

Omdat de (opspoarings-)fergunning om sykje te meien nei gas ûnder de Waadsee datearret út 1969, is de nije boarring offisjeel gjin nije winning. Foar de nije boarringen moat wol in ‘winningsfergunning' oanfrege wurde, mar de tastimming om gas te winnen hat it bedriuw (de NAM) dus al 50 jier.

 

Gjin ûnomkearbere besluten

Yn de Twadde Keamer is in moasje oannaam dy't freget om gjin ûnomkearbere besluten te nimmen oant it momint dat de ûndersiken nei it ‘hân oan de kraan-prinsipe' (by gas- en sâltwinning) besprutsen binne yn de Twadde Keamer. Op 15 septimber steane dy ûndersiken op de wurklist fan de Twadde Keamer. Mar de fergunning is der dus al. De partijen yn Fryslân freegje it kolleezje om it stânpunt fan de provinsje oer gaswinning yn it kwetsbere Waadgebiet noch in kear oer te bringen, en de Twadde Keamer en de minister te fersykjen om de fergunning yn te lûken en de resultaten fan de ûndersiken earst yn de Twadde Keamer te besprekken.

 

Jild

Dêrnjonken wolle de partijen witte hokker finansjele wearde it te winnen gas op basis fan de hjoeddeistige gasprizen opsmyt. Ek binne de partijen benijd nei de opbringsten, de kosten, de (skea-)fergoedingen dy't útbetelle wurde moatte en de winst foar de inisjatyfnimmer fan gaswinning.

 

(Tekst GrienLinks, oersetting FNP) 



Downloads:
Skriftlike fragen oer gaswinning waadsee


Tags: Gas- en saltboarings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer