FNP. Fryslân. Ek foar dy!



"FNP. Fryslân. Ek foar dy!"

Wêrom FNP Fryslân?

 

Wat foar geëamel moat no echt in kear klear wêze? Wat moat der oars by dy om de hoeke? En yn de rest fan Fryslân?

 

Op dit stuit beslist net de jongerein, mar beslist men oer de jongerein. Dat moat oars en dat kin oars. Slút dy oan by de gesellichste en meast jeugdige partij fan Fryslân en praat mei!

 

Gjin stoffige fergaderingen en stapels papier, mar fuotten op tafel en pilske yn de hân. Gewoan wat meiprate yn de tinktank. Reklame meitsje yn de PR kommisje. Koers bepale yn it bestjoer. Besluten nimme yn de gemeenterie. Sels belied meitsje yn de Provinsjale Steaten.

 

De FNP stiet pal foar Fryslân. Wolsto meiprate oer dyn wenplak en omjouwing? Wurd dan fergees lid. By de FNP betelje leden oant 22 jier gjin ledenjild. 

 

Is it net geweldich? 

 

Klik hjir en skriuw dy yn   



FNP. Fryslân. Ek foar dy!



2023 FNP Fryslân - Disclaimer