OSF: platfoarm fan ûnôfhinklik politieke partijen

"De FNP yn Den Haach" (Onafhankelijke Senaatsfractie)

De FNP hat yn 1995 oan de widze stien fan de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie). Fjirtjin ûnôfhinklike regionale partijen út hiel Nederlân hawwe har feriene yn dit platfoarm. Op dit stuit hat de OSF ien sit yn de Earste Keamer.

 

Alle oansletten partijen hawwe har eigen ideeën en identiteit. Sy binne lykweardich, mei trije kearnwearden:

1. Altyd op syk nei lytsskaligens en minslike mjitte

2. Mei-inoar gearwurkje, sûnder oantaasting fan eigen identiteit

3. Oplûke as ien partij; ienheid yn ferskaat

 

Kontakt mei OSF:
Webside: www.OSF.nl
Facebook: facebook.com/OnafhankelijkeSenaatsFractie
Twitter: twitter.com/OSFractie

 

Provinsjale Steaten stimme

Net de boargers, mar de leden fan Provinsjale Steaten stimme foar de Earste Keamer. Dit binne dus yndirekte ferkiezings. Regionale en lokale partijen drage per provinsje in kandidaat foar. Yn Fryslân is Gerben Gerbrandy de kandidaat-senator.

 

De Earste Keamer kontrolearret de regering, kin wetten goed- of ôfkarre. De Earste Keamer kriget hyltyd mear macht om't de koalysje gjin mearderheid mear hat.

Dêrom wurdt de OSF tige wichtich. As de lokale en regionale partijen noch better gearwurkje - by gemeenteriedsferkiezings stimt 33 prosint lokaal - dan sil de ynfloed fan de OSF hyltyd grutter wurde.

 

Hindrik ten Hoeve (FNP) hat mei-inoar 12 jier senator west foar de OSF. Hy hie grut oansjen en hat beskiedend west yn tal fan saken, lykas it opkearen fan besunigingen op kultuer, it feilichstellen fan Frysktalige berne-opfang en it feilichstellen fan de ûnôfhinklikens fan Omrop Fryslân.

 

Senator Earste Keamer

Ton Raven (Lokaal Limburg) is sûnt jannewaris 2021 de senator fan de OSF. Raven komt fan Geleen en wie earder lange tiid gemeenteriedslid en wethâlder yn de gemeente Sittard-Geleen.

 

Raven wol de stim fan de ûnôfhinklike lokale en regionale partijen trochklinke litte. Hy wol dêrby leare fan de erfaringen fan syn foargonger, en fokusje op dy saken dy direkt in effekt hawwe op de gemeenten en provinsjes. Raven hat benammen omtinken foar it oereinhâlden fan de basisfoarsjenningen en de finansjele posysje fan gemeenten en provinsjes, en belûkt sterker dan foarhinne de stipefraksje fan de OSF by syn stânpuntbepaling yn de Earste Keamer. 

 

kontakt: emailtonraven.nl  

 

FNP'ers binnen de OSF 

Durk Stoker, foarsitter durkstokerosf.nl

Annigje Toering, lederied, annigje.toeringfnp.frl

Wopke Veenstra, stipefraksje, w.veenstrafryslan.frl

Sijbe Knol, stipefraksje, s.knolfryslan.frl



2023 FNP Fryslân - Disclaimer