Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

Perspektyf Fryslân

Fryslân moat in autonome provinsje binnen it Keninkryk wurde. Dat seit de nije foarsitter Ultsje Hoper fan 'e FNP. De partij wol dat Den Haach typysk provinsjale saken lykas sizzenskip oer lytse skoallen oan de provinsje oerdraacht. Boppedat moat Fryslân finansjeel mear profitearje fan eigen boaiemskatten lykas de gaswinning. Ek moat Fryslân wer syn eigen plysjeregio en justisjele organen hawwe.




Yn de hjoeddeiske situaasje wurde te folle maatregels oplein dy't ûntsteane út de tinkwize wei fan de Rânestêd. Regels dy't negatyf wurkje foar mienskip, lânskip, ekonomy en identiteit fan Fryslân. In autonome provinsje moat ynhâlde dat Fryslân it rjocht krijt om wêr't dat nedich is eigen wetjouwing te stellen. Tal fan oare regio's yn de EU, dy't de helte fan de befolking fan de EU útmeitsje,  hawwe dat wetjaand foech al.

 

Nij perspektyf foar Fryslân
In bysûndere posysje foar Fryslân yn it Keninkryk

Plak yn it Keninkryk
De FNP stribbet nei in bysûndere posysje foar Fryslân as autonome provinsje yn it Keninkryk.
De Fryske Steaten binne it heechste demokratyske orgaan yn Fryslân en moatte sels beslute
kinne oer saken dy't Fryslân oangeane, lykas de gemeenterieden dat op har eigen terrein
dogge. Soks freget om aparte wetjouwing; in ‘Lex Specialis' foar Fryslân.

 

Binnen Fryslân jilde de Nederlânske wetten oant de Steaten oars beslute. De Steaten krije it
foech om eigen wetten te stellen foar de spesifike Fryske sitewaasje.

 

Om Fryslân draaie te litten binne sizzenskip, mar ek eigen finansjele middels nedich. Dêrta
wurdt in finansjeel statuut útwurke. It giet der ûnder oaren om in ridlik mar substansjeel part fan
de belestingen en fan de ynkomsten út delfstofwinning en enerzyboarnen yn de regio sels te
hâlden.

Foech en taken
It autonome foech giet fansels folle fierder as Fryske taal en kultuer. Fryslân moat sels de
sizzenskip hawwe oer dy saken dy't beskiedend binne foar de takomst fan Fryslân. Lykas
romtlike oardering, regionale ekonomy, mynbousaken en taal, kultuer en ûnderwiis. Der komt yn
elts gefal ek romte om taken en foegen binnen Fryslân sels oars en op'e nij te ferdielen mei de
gemeenten. It Wetterskipsbestjoer wurdt yntegrearre yn it nije Fryske bestjoer.

 

Ynbêde yn it rjochtsysteem fan de Nederlânske steat moat Fryslân ek (wer) syn eigen
plysjeregio en justysjele organen hawwe.

By desintralisaasje fan taken moatte foech, noarmstelling en útfiering yn syn hiele hear en fear
oerdroegen wurde. De sintrale oerheid sil fertrouwe moatte dat Fryslân en gemeenten der echt
sels mei rêde.

 

It giet om reële en foar de minsken werkenbere saken. Generaasjes nei ús, moatte sels kedize
kinne oer harren takomst. De FNP wol fuortbouwe op de struktueren en wurkwizen dy't der yn
Fryslân sels al binne. Fryslân moat wêr nedich de regy nimme as it om boppegemeentlike
sprieding fan foarsjenningen giet. Derby kin ek stjoerd wurde mei Frysk jild.

 

De fierdere ûntwikkeling fan Fryske identiteit, taal en kultuer, ûnderwiis, media en Fryske
sporten is gemeente-oerstiigjend en kin dus it bêste sintraal yn Fryslân dellein wurde. Fan in
lânsdielbestjoer yn Grins of it regear yn De Haach falt op dit stik fan saken neat te ferwachtsjen.
It past by it federale demokratyske útgongspunt dat wy oer dizze saken op eigen hiem it bêste
kedize kinne.

Romtlike oardering, regionale ekonomy, ferkear en ferfier, wetterbehear, lanlik gebiet, miljeu,
mynbousaken, gearwurkingsaginda's en streekaginda's binne foar in grut part ek ‘algemien
belang' dat boppe de gemeentegrinzen út giet. Wy wolle op dizze mêden lykas by taal en kultuer
redenearje út draachflak wei, wat de mienskip hjir nedich hat, net wat Haachske noarmen en
spearpunten foarskriuwe. Der is yn Fryslân ferlet fan in mear regionale opset fan de jeugd- en
sûnenssoarch.

Oangeande de ekonomy lizze der mear kânsen mei mear sizzenskip foar Fryslân.
Ekonometrysk ûndersyk oan autonome regio's yn Europa lit sjen dat dy it better dogge as
regio's sûnder eigen foech en middels. De besteande sterke punten fan Fryslân wurde no net
optimaal benut om't se net passe yn it Haachske belied.

Benammen as it om de mynbousaken giet ûnstiet it byld fan wingewest: wol de lêsten mar net
de lusten. Wy wolle de mooglikheid om op basis fan eigen kearnkwaliteiten te kiezen foar in
mear duorsume ekonomyske ûntjouwing fan Fryslân sûnder ôfhinklikheid fan fossile brânstoffen.

De finansjes
Fryslân moat finansjele autonomy mei in iepen finansjele húshâlding hawwe en beskikke oer
tarikkende middels om de eigen taken en foegen út te oefenjen.

 

Dêrta moatte der besteande Nederlânske wetten feroare wurde en is in finansjeel statuut foar
Fryslân nedich. As útgongspunt nimme wy dat der foar de minsken gjin ekstra ‘Fryske' belesting
komt mar dat besteande jildstreamen oars organisearre wurde. Fiskaal moat de operaasje fan
herferdieling tusken Den Haag en Ljouwert netto neutraal foar de boarger ferrinne.

 

De grutte overhead fan ministearjes en skaalfergrutte lannelike en regionale oerheidsorganen
kinne wy ús besparje. Dêr tsjinoer draacht Fryslân tenei sels de kosten om saken yn Fryslân
sels te regeljen. It giet om de finansjele húshâldingen fan de Fryske gemeenten, it nije Fryske
bestjoer, it Wetterskip en ferskate útfieringsorganisaasjes meiinoar.

 

Fan de gasopbringsten komt no hast neat werom nei Fryslân. Mei in part fan dy opbringsten,
dus net allinnich fergoeding fan skea, hat Fryslân de mooglikheid om it jild oars te ynvestearjen
foar de takomst yn stee fan it ‘konsumptyf' út te jaan yn de Ryksbegrutting lykas no bart.

 

It grutste part fan de oerheidsynkomsten binne de ynkomstenbelesting, winstbelêsting
(vennootschapsbelasting) en BTW. Yn elts gefal foar dizze ynkomsten regelet it finansjeel
statuut hokker part yn Fryslân delslacht en wat nei de sintrale oerheid giet om oan de
mienskiplike ryksferplichtings te foldwaan.

 

De ferdieling fan Europeesk jild foar regionale ûntwikkeling moat Fryslân tenei streekrjocht mei
Brussel regelje.


FNP Wurkgroep ‘Takomst fan Fryslân' 31 maaie 2013.



Downloads:
Taljochting by FNP fisystik 2013
Perspektyf Fryslân

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)