Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

Kearnwearden fan de FNP

As Fryske federalistyske partij fine wy dat wy yn Frjentsjerteradiel yn it foarste plak ús eigen saken regelje kinne moatte.


De FNP wol der wêze foar alle ynwenners wat har komôf ek wêze mei; de partij giet út fan lykweardigens fan alle minsken.

 

De FNP wol midden yn de mienskip stean en de belangen fan de ynwenners fan Frjentsjerteradiel behertigje.

 

De FNP giet út fan 7 kearnwearden:



Demokrasy: De FNP stiet in sa grut mooglike iepenbierheid fan bestjoer foar. De macht heart úteinlik by de boarger te lizzen.

 

Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.

 

Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.

 

Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.

 

Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.

 

Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.

 

Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.



Kearnwearden fan de FNP

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)