Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk
 FNP Waadhoeke  

FNP Waadhoeke

FNP Ferbynt! Op 1 jannewaris 2018 fúsearje de gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bildt, Menameradiel en 4 doarpen fan Littenseradiel ta de nije gemeente Waadhoeke. Mear ynformaasje oer de nije ôfdieling FNP Waadhoeke kinne jo fine op http://waadhoeke.fnp.frl/

 

FNP logo 2013

FNP

De FNP Frjentsjerteradiel is in ôfdieling fan de provinsjale FNP. Yn 1962 is de FNP oprjochte as earste regionale politike partij yn Nederlân en is nei 40 jier in eigen faktor wurden yn de Fryske polityk. Mei de ferkiezings fan 2003 waard de FNP provinsjaal mei 7 sitten de 3e partij. Mear ynformaasje oer de provinsjale FNP kinne jo fine op de Provinsjale side.

 


FNP Jongerein

De jongerein fan de Fryske Nasjonale Partij is in kommisje foar FNP leden oant en mei 30 jier. Wy binne as FNPJ in iepen politiyk jongerein platfoarm. De FNPJ siket de jongerein yn de provinsje op en is altyd ree op it petear oan te gean. Binnen de partij jout de FNPJ lûd foar de jongerein. Dêrnjonken organisearret de FNPJ aktiviteiten foar de leden. 

 

Lanlike ynfloed
De leden van de Provinsjale Steaten yn Nederlân kieze de leden fan de Earste Keamer. De FNP wurket gear mei oare lokale partijen. Hja ha harren ferienige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie). Sadat wy ek ús lûd yn Den Haach hearre litte kinne.

 

Europeeske ynfloed
Fryslân en ek Nederlân wurde net mear allinne út Den Haach wei bestjoerd. Hieltyd mear beslissings wurde yn Brussel nommen. Oan de oare kant wurde de regionale oerheden wichtiger. De FNP is dêrom ek op Europeeske skaal organisearre en stie, yn 1981, mei oan de widze fan it Europeeske gearwurkingsferbân fan regionale partijen: EFA (Europeeske Frije Alliânsje).
Europeeske jongerein
De EFA jongerein binne ek ferienige, mear hjir oer op harren eigen webside.

Praat mar Frysk

Mear as de helte fan de Friezen praat fan hûs út Frysk. Yn 'e plattelânsgemeenten leit dat persintaazje sels noch in stik heger: sa'n 70%. En sawat eltsenien ferstiet it. Lit de minsken dêrom witte dat njonken it Nederlânsk it Frysk ek wolkom is: Praat mar Frysk!

 wurdboek widget

 Wurdboek.nl

In wurdboek, staveringshelp, rymwurden, taalpuzels, gedichten, sprekwurden, siswizen en noch folle mear.

 It nijs

 

 It Nijs

It Wrâldnijs, Nederlânsk of Frysk nijs yn it Frysk troch de Ried fan de Fryske beweging.

 

 goed frysk

 

 Goedfrysk.nl

Guon minsken binne o sa foar it Frysk mar hawwe muoite mei it skriuwen fan har taal. Dizze hiemside is de oplossing foar dat probleem. Dizze side is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging.

 

 fotobalk3

 De gemeente Frjentsjerteradiel

De side fan de gemeente Frjentsjerteradiel. Op dizze side binne ek de stikken foar de rieds- en kommisjegearkomsten werom te finen.

mozilla nl

Mozilla; ynternet en mail

Op dizze side binne Fryske oersettings fan Firefox, Thunderbird mei Lightning, Sunbird en Mobile (Fennec): namtlik Firefox 3.6 en Thunderbird 3.0 del te heljen. Dit is open source Mozilla software.

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)