Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

 

 

 

 

 

 

Lit ús de kommende tiid op ’e nij mei elkoar yn petear gean, elkoars miening respektearje en trochtochte besluten nimme.

Lit ús ek dit jier elts yn syn wearde litte. Harkje nei elkoar en bliuw mei elkoar yn petear.

Lit elk op syn manier belutsen wêze by ús ôfdieling, mar litte wy mei-inoar ‘de skouders derûnder sette’.

 

Sokke útspraken steane oan ’e ein fan ús jierferslaggen en se typearje ús ôfdieling. Ús leden fine de sterkste punten fan ús ôfdieling dat we sa faak by-inoar komme en dat elts de romte krijt om syn of har ynbring te hawwen. Men leart inoar ‘goed’ kennen en wurdearjen, en dat motivearret. Doe’t ik wethâlder yn Menameradiel wie, besocht ik sels ek safolle mooglik de ledegearkomsten yn Frjentsjerteradiel; gesellich en noflik. Dat is fansels it resultaat fan jierrenlang krewearjen...  

 

Earder - Yn 1955 kaam Catrinus Straatsma as skoalferlitter fan Hijum by syn omke en muoike op Skalsum yn ’e hûs. By de ferkiezings fan 1970 wie der ien FNP-lid yn Frjentsjerteradiel en dy koe net op de list, dus waarden alle pylken op Catrinus rjochte. Catrinus waard it twadde lid en listlûker.

Kampanjeteam

As jonge boer hie er it eins net oan tiid, dus de famylje moast yn it spier. Syn bruorren Reinder en Rindert en de froulju foarmen it kampanjeteam! Sels middenyn de nacht foar de ferkiezings; briefkes mei It wisse foar it ûnwisse, de FNP kin jim stim hjoed net misse kamen op alle adressen. Dat hat fertuten dien, Catrinus koe yn Frjentsjerteradiel (doe sûnder de stêd Frjentsjer en it part fan Barradiel) oan in riedsperioade fan tsien jier begjinne. Kampanjeteam Rindert, Tine en Reinder Straatsma op 30 maaie 1970 (foto Klaske Straatsma). Om't der yn dy tiid mar in pear aktive  FNP'ers wiene, wurken de ôfdielings fan Frjentsjer, Frjentsjerteradiel en Barradiel wakker gear.

   

1984 - By de weryndieling fan 1984 kamen Frjentsjer en in part fan Barradiel by Frjentsjerteradiel. Yn Frjentsjerteradiel wurdt op dit stuit wer praat oer de takomst fan ús gemeente. De FNP-fraksje wiist weryndieling net op foarhân ôf, mar in foarstel foar weryndieling moat wol ûnderboude foardielen opsmite en dy hawwe wy yn de foarstellen oant no ta net sjoen. It foarstel fan DS soe neffens ús ta in fierstente grutte  gemeente liede. Mar we meitsje diel út fan in minderheid yn de rie en krije noch net echt in foet tusken dizze doar. Yn de tuskentiid lizze wy ek oer mei FNP'ers fan Ljouwerteradiel, Menameradiel, It Bildt en  Littenseradiel oer de gong fan saken mei as doel om inoar te stypjen. WapenYn it wapen fan  Frjentsjerteradiel binne de goadinne Minerva fan de universiteit, de goadin Ceres fan it wapen fan Frjentsjer en de roazen fan it wapen fan grietman Duco van Jongema werom te finen.

 

No - Frjentsjerteradiel is in gemeente mei ien stêd, fjirtjin doarpen en twa buorskippen (en fansels noch fjirtjin lytsere buorskippen sûnder  kombuorden). Der wenje in lytse 21.000 minsken wêrfan 13.000 yn de stêd. De sterke punten fan Frjentsjerteradiel binne dat it in alvestêdestêd hat, in Planetarium en in PC en dat it foarsjenningsnivo yn it algemien heech is. In grut probleem is dat hjir gas en sâlt yn de grûn sitte dy't guon der graach út hawwe wolle, mei alle gefolgen dy't dêrby hearre....


Jan Dijkstra fan Hitsum, Sietze de Haan fan Frjentsjer, Gea Iedema fan Frjentsjer en Hans Nauta fan Hitsum sitte foar ús yn de ried. Op de ledegearkomste in wike foar de riedsgearkomste wurde de stikken mei de leden trochnommen. Dan kinne de leden ek oare saken oandrage dêr't de riedsleden neffens harren wat mei dwaan moatte of dêr't se fragen oer hawwe. Fansels hawwe de riedsleden dêrnjonken har eigen fraksjegearkomste, faak mei  skaadfraksjeleden. Om't der ferlet wie om ek oare saken te bepraten en wat mear de djipte yn te gean, organisearje we trije kear yn it jier in ‘sosjéteitgearkomste'. Op ien fan dy trije gearkomsten hawwe we it oer mear strategyske saken lykas in politike of kommunikaasjestrategy foar de folgjende ferkiezings. Foar de oare twa gearkomsten riede we in ûnderwerp ta, sels of mei help fan in sprekker. Fansels is der tiid en romte foar in praatsje en in slokje. It is de kombinaasje fan de omgong mei-inoar en de romte foar ynbring en wjerlûd nei de riedsleden ta dy't ús leden yn Frjentsjerteradiel bynt.

 

Anna Martha van der Mei, foarsitter ôfdieling Frjentsjerteradiel

 

 

 

Ofdieling Frjentsjer(teradiel)   -   oprjochte 5-4-1974   -   riedsleden/kandidaten

                Frjentsjerteradiel                                                Frjentsjer

 

1970      C. Straatsma* en S. Terpstra †                                     noch net meidien                          

 

1971      C. Straatsma* en J. Talsma (grinswiziging)

 

1974      C. Straatsma* en J. Boersma - Venema                           C. van der Zee en Kl. Regts

 

1978      C. Straatsma* en Kl. Nauta                                           J. Hiemstra en S. Terpstra

1979      Kl. Nauta* en C. Straatsma

 

1982      Kl. Nauta* en C. Straatsma                                           S. Terpstra en Tj. Alkema

1983      J. Santema* en Kl. Nauta (weryndieling; Frjentsjer komt by Frjentsjerteradiel)

 

1986      Kl. Nauta en M. Buursma

 

1990      S. van der Zwaag* en H. Houtsma

 

1994      B. Bonnema* en H. Houtsma*

 

1998      B. Bonnema*, H. Houtsma* en G. Zagema

 

2002      B. Bonnema*, G. van der Mei* en G. Dijkstra*

 

2006      B. Bonnema (wethâlder), G. van der Mei*, J. Hiemstra* en J. Dijkstra*

 

2010      B. Bonnema (wethâlder Gaasterlân - Sleat wurden), J. Dijkstra*, S. de Haan* en G. Iedema

 

2014      J. Dijkstra*, S. de Haan*, G. Iedema*, H. Nauta*, B. Vollema en A.M. van der Mei

 

*riedsleden

 

Klik hjir om te lêzen oer Fryslân en de FNP.

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)