Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

Memo Swimbad Bloemketerp Frjentsjer

Yn dit berjocht kinne jo de bijdrage fan Jan Dijkstra lêze. Dizze hat hy ynbrocht op 'e riedsgearkomste fan 16 febrewaris nei oanlieding fan de "Memo zwembad Bloemketerp".

 

Jan Dijkstra:

"De FNP hat it memo fan it kolleezje, oer finansjele steun oan it swimbad, op de aginda setten. In memo oer in wol tige wichtich punt. It swimbad sit yn swier waar, it wetter oan de lippen!
In lyts tal jierren lyn ûnderwerp fan grutte maatskiplike ûnrêst. Ek no al wer kriget de FNP brieven fan ferûntrêste ynwenners en profesjonele partijen. We wolle yn it iepenbier ús soarch oer de situaasje útsprekke en hearre hoe as it kolleezje tsjin dizze foar de gemeente gefoelige saak oansjocht. Us ynwenners sizze hoe as de situaasje der foar stiet.



swimbad Bloemketerp grutte bad

 

Earst skrik jo fan sa 'n berjocht mar al gau tinkt men, dêr is it al sa! Yn 2010 ferkocht, om't de gemeente fan de lêsten ôf woe. Mar wol in swimbad hâlde woe. FNP wie der net foar, mar hat dy slach ha wy net wûn. Uteinlik is de kar mei makke om it in partikuliere partij te ferkeapjen, al wiene we der net grutsk op. Better wat as neat, dit los fan de ynset fan de minsken dy't it oppakt hawwe. Alle lof dêrfoar. Mar iepenbiere foarsjenningen ferkeapje is net altyd de bêste oplossing. De tastân fan it bad wie doe al net takomstbestindich, neffens in protte ynformaasje dy't we krigen. De FNP hat doe ek al ús soarch útsprutsen oer it senario wat we no sjogge.

Yn 2012 ha we foar ien kear kredyt 115.000, as liening jûn, te feroarjen yn in gift nei it oanleverjen troch de direksje fan in ferbetterplan. Yn 2013 is dy liening omsetten nei in bydrage, mei de meidieling troch FNP'er de Haan, dat ynsidinteel jild net de oplossing is. Wy konstatearje dat der gjin reserves binne en gjin jild foar ûnderhâld. It swimbad kin net sûnder strukturele bydrage. De wethâlder hat doe oanjûn dat it nei dizze bydrage echt út is. CDA hat doe it kolleezje oproppen mei te sjen yn eksploitaasje, om dweile mei de kraan iepen foar te kommen. No is it jild wer op. 
Der is wer help nedich fan de gemeente op in trijetal punten. Wêrûnder nije liening om de kachel betelje te kinnen. Dat jout grutte soarch foar de takomst. Undanks de ynset fan de eksploitant mei syn personiel en frijwilligers, wêrfoar't wy grut respekt ha.

De FNP hat in tal fragen nei oanlieding fan de memo:

  • Dielt it kolleezje de soarch fan de FNP dat de takomst fan it swimbad faai stiet?
  • Docht it kolleezje njonken neamde maatregels, noch mear om foar te kommen dat we sûnder swimbad komme te sitten
  • Wat is it basis tinzen west om dizze maatregels te ferantwurdzjen?
  • Bin de troffen maatregels genôch en dus ferantwurde?
  • Wurdt der mei de eksploitant ek socht nei oare mooglikheden foar steun
  • We hearre dit no't der problemen binne, hie earder yngripen de problemen foarkommen wurde kinnen?
De wethâlder jout oan dat it kolleezje besletten hat op 'e nij te helpen, om 't it swimbad troch in ferfelende situaasje yn de problemen kommen is. Om't it risiko foar de gemeente net grutter wurdt is dit dus in foech is fan it kolleezje. Gedoch rûnom de fergunningen fan in nije enerzjyfoarsjenning (houtkachel), kosten it swimbad hast de kop. As der mar genôch swimmers út Frjentsjer komme, dan kin it allegearre wol út, sa seit de wethâlder. De FNP is bliid mei dit iepenbiere antwurd, en lûkt de konklúzje dat de kjeld wer efkes fan loft is. Bliuwt it giet dat it swimbad gjin fet op,de bonken hat en net folle stjitten ferneare kin. It freget in protte ynspanning fan de direksje en de frijwilligers om de boel draaiende te hâlden.

De fraach hoe as it by ús oare privatisearre foarsjenning, de Trije stelt is mei de finânsjes, is net beäntwurde. We hâlde ek dat yn de gaten.

 

Wolle jo hearre wat de antwurden fan de wethâlder krekt wienen? Harkje dat hjir werom.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)