Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk
13-10-2013 - Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 3 oktober 2013
Frjentsjerteradiel stimt foar fúzje mei Menameradiel en 't Bildt. In moasje fan de FNP om de fryske namme Westergoa te dragen yn stee fan it hollânske Westergo wurdt fersmiten.

10-02-2013 - Gaos yn Fryslân
Wêr bin we mei dwaande mei it weryndielingsferhaal?

09-02-2013 - Fryslân: 'Plasterk hat lak oan miening boargers'
Frijbûtser fan febrewaris no online

03-02-2013 - Littenseradiel: Doarpepetear oer weryndieling jannewaris –maart 2013
Yn 23 doarpen wurdt yn de earste moannen fan 2013 in ynformaasje- en diskusjejûn belein oer it útstel fan B&W ta opheffing fan de gemeente Littenseradiel.

04-12-2012 - FNP en weryndieling
Wy lizze graach út hoe as wy steane yn it weryndielingsferhaal. Yn ús program stiet "weryndieling alline as ús boargers der better fan wurde en der ek mei ynstimme".
Jan Dijkstra skreau in ynstjoerd stik:

01-12-2012 - Federaasje fan Doarpsbelangen wol bettere kommunikaasje oer fuzjeproses
Op 26 novimber 2012 skrea de Federaasje fan Doarpsbelangen dizze brief oan it kolleezje fan B&W. Hja fynt dat de kwalitative ynformaasje út de enkête meinommen wurde moat yn de útwurking en stelt priis op streekrjochte kommunikaasje foar 6 desimber. Dan is hja útnoege by de riedsgearkomste om te hearren hoe't it kolleezje de ynbring fan Doarpsbelangen ynterpretearret.

09-11-2012 - Hegere kosten yn fuzjegemeenten
Yn it nije regearakkoart wurdt útgien fan in kostenbesparring troch opskaling fan gemeenten. Dat dit útgongspunt net doocht hawwe Maarten Allers en Bieuwe Geertsema fan it COELO (Centrum voor Onderzoek van de Economie van de Lagere Overheden) ûndersocht. Sy fertelle har ferhaal yn in artikel op mejudice.nl:

03-10-2012 - Rûne tafelpetearen mei ûndernimmers, doarpsbelangen en wykferienings
As it oan de FNP lein hie wie in rieplachting fan boargers en "doelgroepen" rjochte west op it freegjen fan har miening oer in fuzje an sich en as we fusearje wolle mei wa dan en wêrom. Dat is spitigernôch net de ynstek fan dit kolleezje.
Begjin septimber hawwe ûndernimmers, doarpsbelangen en wykferienings by inoar west om oer in gemeentlike fuzje te praten. De te ferwachtsjen problemen fan skaalfergrutting waarden oantsjutten en de oanwêzigen hawwe sels de oplossings betocht. Dizze binne ferwurde as adfys:

03-10-2012 - Mar 38% fan de ynwenners posityf oer fuzje
Yn septimber 2012 is in enkête hâlden ûnder de ynwenners fan Frjentsjerteradiel. Yn de gemeenterie hat de FNP fraksje tsjin dizze enkête stimd fanwege de minne kwaliteit fan de fragen. Ek waarden minsken net frege nei wat se fan in fúzje fine en mei wa der eventueel fusearre wurde moatte soe.
Yn har brief fan 26 novimber 2012 jout de Federaasje fan Doarpsbelangen oan dat sy de kwalitative ynformaasje dy't by de enkête troch de ynwenners jûn is, wichtiger fine as de kwantitatieve wêr't foaral oer kommunisearre is. Foaral dizze kwalitatieve ynformaasje moat by de útwurking fan in fúzje meinommen wurde.
Alle antwurden binne yn de bylage fan it rapport fan Lexnova werom te finen, hjir folget de gearfetting mei de kwantitative ynformaasje:

06-07-2012 - Fêststellen ambysje Frjentsjerteradiel
Op 6 july 2012 hat de rie de ambysje foar Frjentsjerteradiel fêststeld; in bestjoerskrêftige gemeente yn Noardwest Fryslân per 1 jannewaris 2015.

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)