Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk
19-02-2017 - Memo Swimbad Bloemketerp Frjentsjer

Yn dit berjocht kinne jo de bijdrage fan Jan Dijkstra lêze. Dizze hat hy ynbrocht op 'e riedsgearkomste fan 16 febrewaris nei oanlieding fan de "Memo zwembad Bloemketerp".

 

Jan Dijkstra:

"De FNP hat it memo fan it kolleezje, oer finansjele steun oan it swimbad, op de aginda setten. In memo oer in wol tige wichtich punt. It swimbad sit yn swier waar, it wetter oan de lippen!
In lyts tal jierren lyn ûnderwerp fan grutte maatskiplike ûnrêst. Ek no al wer kriget de FNP brieven fan ferûntrêste ynwenners en profesjonele partijen. We wolle yn it iepenbier ús soarch oer de situaasje útsprekke en hearre hoe as it kolleezje tsjin dizze foar de gemeente gefoelige saak oansjocht. Us ynwenners sizze hoe as de situaasje der foar stiet.



06-09-2011 - Net fersûpt! Mar fanôf sneon 3 septimber wol wer wiete fuotten yn #Bloemketerp!
We binne bliid dat it swimbad wer iepen is! “No komt it der op oan! No moatte wy sjen litte wêrom swimbad Bloemketerp iepen bliuwe moast.”

23-06-2011 - Swimbad Bloemketerp ferkocht?
7 july besprekt de rie it foarstel om it swimbad te ferkeapjen oan in stifting wêr't ek de swimklub part fan út makket.

25-02-2011 - Swimbad Bloemketerp: hoop of freze?
De mearderheid fan de rie wie foar slúting per 1 juny en dêrnjonken it ûndersykjen fan alternativen. De FNP wol dat de alternativen besjoen wurden om it bad wis iepen te hâlden! We hâlde hoop mar freezje tagelyk de snel tichterby kommende datum fan 1 juny.

17-02-2011 - Riedsgearkomste takomst Swimbad Bloemketerp
Op oantrúnen fan Jan Dijkstra yn de riedsgearkomst fan 3 febrewaris hat de rie besletten op 17 febrewaris in ekstra riedsgearkomst te hâlden oer de takomst fan Swimbad Bloemketerp.

09-02-2011 - Swimbad Bloemketerp ticht?
It Kolleezje fan Frjentsjerteradiel [VVD, PvdA en Gemeente Belangen] ha besletten dat swimbad Bloemketerp ticht giet!

05-02-2011 - FNP wol dúdlikheid oer swimbad Bloemketerp
No’t, lykas de FNP al ferwachte hie, de ferkeap fan it swimbad mislearre is, wol de FNP sa gau as mooglik de saak yn de rie besprekke.

20-01-2011 - Garânsje iepenstelling swimbad?
De FNP fynt dat it plan fan oanpak foar de ferkeap fan Swimbad Bloemketerp gjin garânsje jout foar it iepen bliuwen fan it swimbad.

07-11-2010 - Swimbad Frjentsjer Rêden?
Yn in riedsgearkomst dy't oant midsnacht duorre, hawwe de opposysjepartijen benammen de FNP en it CDA de tasizzing krigen fan wethâlder Twerda, dat swimbad "Bloemketerp" net sletten wurdt.

01-11-2010 - FNP en CDA sjogge kâns om it Swimbad oerein te hâlden.
De koalysjepartijen (Gemeente Belang, PvdA en VVD) wolle de subsydzje foar it swimbad fan Frjentsjer ôfskaffe. Sûnder subsydzje gjin keapers en dus giet it swimbad dan ticht.

12-09-2010 - De FNP lit Frjentsjer swimme en net fersûpe!
De befolking fan de gemeente komt yn ferset tsjin de slúting fan it swimbad yn Frjentsjer. Sa ha we lêze kinnen yn de lokale kranten. De FNP Frjentsjerteradiel kin dat hiel goed begripe.

11-07-2010 - Swimbad alternatyf foar maaitiidsnota ôfstimd
De FNP wol dat it swimbad yn Frjentsjer iepen bliuwt en is der poer op tsjin om no te beslúten dat der yn 2014 besúnige wurde moat op sport, biblioteek en oare sosjaal kulturele ynstellings. Dit binne saken dy't tige wichtich binne foar de leefberens en it toerisme yn ús gemeente.

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)