Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

Grien ljocht foar wetterpoarte

Gemeente Frjentsjerteradiel kin fierder mei de Doanjumer Wetterpoarte.

Oardel jier lyn hat de FNP mei GB en de VVD in moasje yntsjinne om te ûndersykjen as it helber wie de Doanjumer Wetterpoarte te werbouwen. Dat ûndersyk is klear en it docht bliken dat it it kin om op de âlde fûneminten de wetterpoarte op'e nij te bouwen.

 

Doanjumer Wetterpoarte 1

 

Tongersdei 6 april hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders de gemeenterie de fraach foarlein hoe't men fierder moat mei it ûntwikkeljen fan it plan.

 

De rie hat oanjûn dat it in gebou wurde moat mei de útstrieling fan eartiids, mar wol mei in moderne ynrjochting. Fierder wurdt in hotelakkomodaasje de meast gaadlike funksje fan it gebou fûn, mei omdat dit nei alle gedachten it bêste út kin.

 

Der sil no besocht wurde om yn oparbeidzjen mei in ûndernimmer it plan út te fieren, sadat Frjentsjer in toplokaasje riker wurde kin!

 

It ûndersyk fan de Wurkgroep Doanjumer Wetterpoarte kinne jo delhelje op 'e side fan de Gemeente Franekeradeel (Agendapunt 6.b Bijlage 1).



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)