Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

Antwurd op skriftlike fragen oer krusing rûnwei Frjentsjer

It kolleezje fan Frjentsjerteradiel hat antwurde op de skriftlike fragen fan ús riedslid Gea Iedema. Der binne in oantal maatregels foarsteld, dy't begjin maart bepraat wurde sille yn de riedsgearkomste.

Yn ús nijsberjocht fan 12 jannewaris koenen jimme lêze dat de FNP Frjentsjerteradiel skriftlike fragen steld hat oan it kolleezje fan B&W oer it krúspunt op de rûnwei (Burgemeester J. Dijkstraweg en A. van Voorthuijsenweg) dêr 't geregeld slimme ûngelokken barre.

Nei it lêste ûngelok (op snein 7 jannewaris 2017) wêr 't riedslid Gea Iedema omstanner wie, waard it tiid om oare middels yn te setten. Want twa kear earder hie sy yn in riedsgearkomste omtinken frege foar dizze krusing. Tasizzings fan de wethâlder hienen lykwols noch net resultearre yn aksje; de skriftlike fragen no wol.

 

De skriftlike fragen oer krusing rûnwei Frjentsjer

 

1. Wêrom bliuwe maatregels út om de behyplike situaasje te ferbetterjen en wurdt dêrmei de ûnfeilige situaasje yn stân hâlden?

 

Kolleezje: Nei it ûngemak is kontakt opnommen mei de ferkearskoördinator foar advys. Neffens him is it krúspunt te oersichtlik. Hjirtroch ride bestjoerders fanôf de Van Voorthuijsenweg faak te fluch en sûnder foldwaande út te sjen de Burg. J. Dijkstraweg op. Dêrnjonken is de kâns oanwêzich dat de bestjoerder de oankommende auto net sjocht fanwege ôfdekking fan it sicht troch in twadde auto of it rútfinster fan de eigen auto.


De folgjende maatregels wurde foarsteld. It oanbringen fan in stopboerd yn kombinaasje mei in stopstreep. Bestjoerders moatte stopje foar it opriden fan de Burg. J. Dijkstraweg en kinne hjirtroch soarchfâldich it krúspunt oersjen. Om it ôfdekrisiko te foarkommen wurdt dêrnjonken in ferdriuwingsflak oanbrocht. Dit is in ferve markearring op de Burg. J. Dijkstraweg wêrtroch de twa rydflakken werombrocht wurde oant ien. Dit ferdriuwingsflak hellet ek de feart derút wannear der in auto fanôf de Burg. J. Dijkstraweg de fan Voorthuijsenweg yn ride wol.

 

Antwurd kolleezje skriftlike fragen FNP Frjentsjerteradiel

 

2. Wannear kinne ferkearsdielnimmers ferwachtsje dat der wat oan de gefaarlike krusing dien wurdt?

 

Kolleezje: It weidek tsjinnet drûch te wêzen foar it oanbringen fan de belining. Ofhinklik fan it waar wurdt hjir op syn gaust yn april mei begûn.

 

3. Wêrom is de ferljochting op it krúspunt noch net wer yn oarder brocht nei it ûngelok op 23 septimber 2016 wer ’t trije auto ‘s by belutsen wienen?

 

Kolleezje: Ziut b.v. fersoarget foar de gemeente de ferfanging fan alle lantearnepealen. Fuortendaliks nei it ûngemak is de defekte ferljochting ta ferfanging oanmeld. Troch de lange levertiid fan materialen is fertraging ûntstean. Tige koartlyn is Ziut b.v. ta plak dwaande west mei it pleatsen fan in nije peal. Ferwachte wurdt dat de ferljochting mids maart wer wurket.

 

In earste reaksje fan Gea Iedema op Twitter: Ik hoopje wier dat dizze maatregels genôch binne en der nea wêr wat bart! #FNPDochtItFoarJo

 

Yn de bylagen ûnderoan dit nijsberjocht kinne jo it antwurd op de skriftlike fragen delhelje. 



Downloads:
Antwurd kollezje op skriftlike fragen.pdf
Antwoord college op schriftelijke vragen.pdf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)