Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

Skriftlike fragen FNP oer gefaarlike krusing rûnwei Frjentsjer

FNP Frjentsjerteradiel hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan B&W oer it krúspunt op de rûnwei (Burgemeester J. Dijkstraweg en A. van Voorthuijsenweg) dêr 't geregeld silmme ûngelokken barre.

Ien dêrfan wie mei deadlike ôfrin, oare ûngelokken mei slim letsel en/of grutte materiële skea. It meast resinte ûngelok wie op snein 7 jannewaris 2017, doe 't op 'e nij twa auto's mei-inoar yn botsing kamen. Alle helptsjinsten moasten hjirfoar útride en de wei wie lange tiid ôfsletten foar it ferkear. Twa minsken binne oerbrocht nei it sikehûs.

Twa kear earder hat de FNP yn in riedsgearkomste omtinken frege foar dizze krusing. Tasizzings fan de wethâlder hawwe lykwols noch net resultearre yn aksje. Troch it lêste ûngelok is it no út foar de FNP. Riedslid Gea Iedema: "Ferkearsdielnimmers én slachtoffers begripe net, wêrom 't der neat oan dizze situaasje dien wurdt".

 

Yn de bylage ûnderoan dit nijsberjocht kinne jo de skriftlike fragen delhelje.



Downloads:
2017 01 12 skriftlike fragen.pdf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)