Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Waadhoeke bringt ferkiezingsprogram yn trije talen út.

It ferkiezingsprogram fan FNP Waadhoeke wurdt yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk útbrocht mei elk in eigen foarkant dy't stiet foar de taal en omjouwing.

De nije gemeente Waadhoeke is kwa talen in bysûndere gemeente. It Frysk, Biltsk en Nederlânsk binne mei it Frjentsjerters libbene talen dy't alle dagen brûkt wurde. Neffens de partij is dat in rykdom dy't koestere wurde moat.

Ferbining stiet by FNP Waadhoeke sintraal foar de kommende ferkiezings. Troch de skaalfergrutting is in goed kontakt mei de ynwenners essinsjeel. Jin uterje kinne en meie yn de eigen memmetaal, is dêrby fan grut belang. Om de doarpen en it haadplak Frjentsjer sa goed as mooglik fertsjintwurdigje te kinnen wenje de - yn totaal 50 kandidaten op de list ferspraat oer de nije gemeente.

De partij wol ûnder oare in Sport- en kultuurwike yn Waadhoeke, betelbere wennings foar starters, it toeristysk produkt ‘Bestimming Noardwest'topprioriteit jaan, belied meitsjen troch kennis en kunde fan de ynwenners te brûken en in enerzjy neutrale gemeente yn 2040.

Gean foar alle ynformaasje oer FNP Waadhoeke nei: http://waadhoeke.fnp.frl/.

 

It folsleine ferkiezingsprogram nei: http://waadhoeke.fnp.frl/frysk/ferkiezings/program/.

Frysk Bildts
Nederlands

 




Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)