Fierder hawwe we noch stil stien by de beneaming fan ús ponghâlder Jan Hiemstra ta ridder. En ek foar skriuwer Johannes Elzinga en foarsitter Anna Martha van der Mei wie der in bedankje foar har ynset foar dizze ôfdieling.
Nei in formeel opheffingsbeslút wie der foar elts noch in drankje. Dit waard fansels brocht troch Ype Bonnema, behearder fan It Mienskar en dus ús fêste fersoarger. Ek hy koe op in bedankje rekkenje foar alle goede soargen yn de ôfrûne jierren. We hoopje gau ris wer del te kommen!
We sille no fierder yn de nije ôfdieling FNP Waadhoeke. De earstfolgjende gearkomste is op 28 juny yn Menaam, dêr wurdt dan praat oer de list en it program.
Folgje us op www.waadhoeke.fnp.frl en op https://www.facebook.com/FNPWaadhoeke.
© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)