Logo FNP

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk

FNP Frjentsjerteradiel

Frysk
29-09-2017 - FNP Waadhoeke bringt ferkiezingsprogram yn trije talen út.
It ferkiezingsprogram fan FNP Waadhoeke wurdt yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk útbrocht mei elk in eigen foarkant dy't stiet foar de taal en omjouwing.

13-09-2017 - Tenei feilich nei de dokter!
It sûnenssintrum De Hertog is al langere tiid klear en yn gebrûk. Der komme in soad minsken út Frjentsjer en omjouwing, dy't harren auto parkere moatte oan de oare kant fan de strjitte. Fanôf it parkeerterrein moat men it fytspaad èn de Hertog van Saxenlaan oerstekke om by De Hertog te kommen.

15-05-2017 - Ofslúting FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel
Op 10 maaie hat de lêste gearkomste fan FNP Frjentsjerteradiel west. We hawwe as bestjoer, fraksje en leden mei inoar werom sjoen yn de tiid. Sintraal dêrby stie dat elts him sa thús fielde, de noflike sfear en de iepenheid wêrmei’t ek ferskillen fan miening besprutsen wurde koenen. Der waard dan ek de hoop útsprutsen dat we dit trochsette sille yn de nije ôfdieling FNP Waadhoeke.

21-04-2017 - Opstekker by jierrekken
Part fan it oerskot op de begrutting giet nei it doarp- en wykfisyfûns.

07-04-2017 - Grien ljocht foar wetterpoarte
Gemeente Frjentsjerteradiel kin fierder mei de Doanjumer Wetterpoarte.

11-02-2017 - Antwurd op skriftlike fragen oer krusing rûnwei Frjentsjer
It kolleezje fan Frjentsjerteradiel hat antwurde op de skriftlike fragen fan ús riedslid Gea Iedema. Der binne in oantal maatregels foarsteld, dy't begjin maart bepraat wurde sille yn de riedsgearkomste.

10-02-2017 - Jan Dijkstra listlûker FNP Waadhoeke
By de earste FNP Waadhoeke gearkomste, wêr’t ek de leden fan de Frije Bilkerts by wienen, is Jan Dijkstra (Hitsum) keazen ta listlûker foar de weryndielingsferkiezings op 22 novimber 2017. Dijkstra sit no 12 jier foar de FNP yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wêrfan 8 jier as fraksjefoarsitter.

12-01-2017 - Skriftlike fragen FNP oer gefaarlike krusing rûnwei Frjentsjer
FNP Frjentsjerteradiel hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan B&W oer it krúspunt op de rûnwei (Burgemeester J. Dijkstraweg en A. van Voorthuijsenweg) dêr 't geregeld silmme ûngelokken barre.

29-12-2016 - FNP Frjentsjerteradiel winsket elts in lokkich en sûn 2017!
FNP Ferbynt! Dêr meitsje wy ús sterk foar!

20-11-2016 - FNP op besite by Keatsmuseum
By de wurkbesite fan de Steatefraksje oan Frjentsjerteradiel stie ek it Keatsmuseum op it program.
Jan Hiemstra hat ús alle ûnderdielen fan it museum sjen litten, dêr wêr't de bal it hert rekket.

20-11-2016 - FNP enthûsjast oer oanpak doarpshûs Rie
Wurkbesite riedsleden en steateleden

In foarbyld fan in suksesfolle oanpak 'fan ûnderen op'. Dat wie de konklúzje fan rieds- en steateleden fan de FNP dy't in hiele sneontemoarn op wurkbesite wienen yn Frjentsjerteradiel.

08-10-2016 - FNP Waadhoeke op Bildtse les
Taal is rykdom sa fynt de FNP. De partij is dan ek bliid dat de nije gemeente der in prachtich taalgebiet by kriget.

30-09-2016 - FNP moasje boarterstunen reekfrij meitsje
Tongersdei 22 septimber hat de FNP in moasje yntsjinne by it boarterstunebelied.

20-09-2016 - FNP Waadhoeke hellet aksjepunten op
Lykas wenst wie de FNP (dizze kear mei de riedsleden fan Frjentsjerteradiel en Menameradiel) tegearre mei de Frije Bilkerts, wer de hiele dei oanwêzich op de Agraryskje Dagen yn Frjentsjer om mei it publyk te praten oer saken dy’t har dwaande hâldt.

05-07-2016 - Soargen oer Sinnepark Kie
Ut namme fan de FNP hat riedslid Hans Nauta in pleit hâlden om deroer nei te tinken oft Frjentsjerteradiel yndied mei Solarfields yn see gean moat, it bedriuw dat in sinnepark njonken in yndustrygebied fan Frjentsjer delsette wol.

Argyf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)